Oktoberfest is in folksfeest yn Múnchen dat alle jierren yn de hjerst hâlden wurdt. Der is in kermis, der binne biertinten, en de bierbrouwers út Múnchen brouwe alle jierren in spesjaal bier foar it feest. It feest wurdt hâlden fan de earste sneon nei 15 septimber oant en mei de earste snein fan oktober, of oant en mei de Dei fan de Dútske Ienheid at dy letter is, of in dei letter as beide op deselde dei binne. It Oktoberfest lûkt alle jierren mear as seis miljoen minsken.

Oktoberfest 2007
Yn in biertinte

It earste Oktoberfest waard yn 1810 holden ta eare fan de brulloft fan prinses Theresia fan Saksen-Hildburghausen en kroanprins Loadewyk fan Beieren. It feest bestie út in hynsterace en festival. Yn 'e rin fan 'e tiid is it festival groeid en de hynsterace ferdwûn. Sûnt 1950 wurdt it feest troch de Oberbürgermeister fan München iepene. Yn 2010 waard ta eare fan de 200e jierdei fan it evenemint in dei tafoege en duorre it Oktoberfest oant en mei moandei 4 oktober 2010. Yn 2020 en 2021 wie der gjin Oktoberfest fanwegen de koroanapandemy dy't yn 2020 útbruts.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oktoberfest fan Wikimedia Commons.