Springe nei ynhâld

Piet Adema: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
Rigel 77: Rigel 77:
{{Reflist}}
{{Reflist}}
}}
}}
{{DEFAULTSORT:Adema, Piet}}

{{Navigaasje Rutte IV}}
{{Navigaasje Rutte IV}}
[[Kategory:Frysk politikus]]
[[Kategory:Frysk politikus]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 5 jul 2024 om 20.37

Piet Adema
Algemien
Berne 6 novimber 1964
Berteplak De Pein
Funksje Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit
Sûnt 3 oktober 2022
Partij CU
Religy grifformeard-frijmakke
Politike funksjes
2000-2003 foarsitter fan KristenUny Fryslân
2007,2011 lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
2007-2011 lid Deputearre Steaten fan Fryslân
2011-2012 waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen
2012-2013 polityk sekretaris KristenUny
2013-2021 partijfoarsitter KristenUny
2013-2014 waarnimmend boargemaster fan Tynaarlo
2014-2015 waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn
2022-2024 minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit

Pieter (Piet) Adema (De Pein, 6 novimber 1964) is in Frysk politikus foar de KristenUny en bestjoerder. Hy is sûnt 3 oktober 2022 minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte IV.

Oplieding en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Piet Adema hat nei de mafû enerzjytechnyk op de mts dien en letter hat er oan de Iepen Universiteit modulen organisaasjekunde folge. Yn 1994 hat er bedriuwsfiering enerzjytechnyk dien. Hy sette mei syn karriêre útein as ljochtadviseur en ferkeaplieder. Dêrnei wurke er by in ynstallaasjebedriuw dêr't er kommersjeel foaroanman waard. Hy sette yn 1991 mei syn eigen ûndernimming útein, mar ferkocht dat bedriuw yn 1997. Dêrnei gie er by de direksje fan de Breman Groep oan it wurk. Yn 1999 waard er kritedirekteur fan VolkerWessels en wie dêre fan 2005 ôf ynterim-foaroanman.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Provinsje Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1990 hinne waard Adema bestjoerlik aktyf yn it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV) yn Fryslân. Nei de fúzje fan it GPV mei de Reformatoaryske Politike Federaasje (RPF) ta de KristenUny wie er ek yn de nije partij warber. Oant 2003 wie er foarsitter fan de provinsjale ôfdieling fan de KristenUny.

It provinsjaal bestjoer besleat yn 2006 yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings fan 2007 yn plak fan Rein Ferwerda in nije listoanfierder keazen wurde soe. Adema waard dêrfoar frege en waard dêrmei de Fryske KristenUny-listoanfierder. Nei dy ferkiezings waard foar it earst yn Fryslân en noch guon oare provinsjes in kolleezje fan Deputearre Steaten foarme dêr't de KristenUny part fan wie. Adema, dy't mei twa partijgenoaten keazen waard, waard yn Fryslân deputearre mei ferkear en ferfier, miljoe en earmoedbelied yn syn portefúlje. Dat late yn de Fryske polityk suver ta in skeel, om't de KristenUny earder âld-wethâlder Sicco Boorsma as kandidaat-deputearre nei foarren skood hie.[1]

Nei de ferkiezings fan 2011 dêr't er fannijs listoanfierder fan de KristenUny yn Fryslân fan wie en de KU wer trije sittennhelle, folge in kolleezje dêr't de KU troch it FNP by ferfongen waard.

Waarnimmend boargemaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Adema waard ein maaie 2011 ta waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen beneamd as opfolger fan Tjeerd van der Zwan, dy't boargemaster fan It Hearrenfean wurden wie. Adema bleau yn dy funksje oant healwei jannewaris 2013 doe't Gerben Gerbrandy him as boargemaster fan Achtkarspelen opfolge.

Op 12 augustus 2013 waard Adema waarnimmend boargemaster fan de Drintske gemeente Tynaarlo[2], dêr't er oant 16 desimber 2014 syn taak ferfolle. Op 22 desimber dat jiers waard er waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn, ek yn Drinte, dêr't er oant juny 2015 bleau.[3]

Partijbestjoer KristenUny

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Adema waard yn 2012 polityk sekretaris fan it lanlik bestjoer fan de KristenUny. Dat jiers wiene dêr Twadde Keamerferkiezings en waard er foarsitter fan de kommisje dy't it lanlik ferkiezingsprogramma foar de KristenUny skreau. Hy waard op 1 maart 2013 as kandidaat-partijfoarsitter fan de KristenUny foarsteld by it Unykongres fan de partij en op 13 april dat jier waard er ta foarsitter, as opfolger fan Klaas Tigelaar, keazen. Op 17 april 2021 stapte er as foarsitter op nei't er twa terminen as foarsitter fan de KristenUny tsjinne hie en hy waard troch Ankie van Tatenhove opfolge.[4]

Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Adema waard op 3 oktober 2022 minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte IV, nei't partijgenoat Henk Staghouwer op 6 septimber dat jiers dien joech.[5]. It ministerskip waard ûnderwilens troch Carola Schouten waarnommen.[6][7] Yn syn portefúlje hat er lânbou, túnbou, fiskerij, itenskwaliteit, bistewolwêzen en bistesûnens (DGF), kwekersrjocht en de Nederlânske Itens- en Ware-autoriteit (NVWA). De boereprotesten tsjin it stikstofbelied giene yn syn ministerskip troch.[8][9] Syn ministerskip duorre oant 2 july 2024 doe't it kabinet-Schoof begûn.

Karriêre bûten de polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarsitter brânsorganisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er waarnimmend boargemaster yn Borger-Odoorn west hat, waard er foarsitter fan Schoonmakend nederland, doe noch OSB, de brânsorganisaasje foar skjinmakkers- en glêzewaskerijbedriuwen[10][11] en yn novimber 2017 waard er foarsitter fan it bestjoer fan WoningbouwersNL, doe noch NVB, de brânsorganisaasje foar ûntwikkelders en bou-ûndernimmers.[12]

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnjonken wie Adema lid fan it algemien bestjoer fan VNO-NCW[13], lid fan it haadbestjoer fan MKB-Nederlân[14], lid fan de ried fan kommissarissen fan RENDO[15], lid fan de ried fan kommissarissen fan Larcom[16], foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan WTC Ljouwert[17] en lid fan de ried fan kommissarissen fan Woningborg[18].

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Piet Adema is boaske en hat fjouwer bern.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
 
Ministers en steatssekretarissen yn it kabinet-Rutte IV (VVD, D66, CDA en CU)
Ministers Mark Rutte (MP/AZ) • Karien van Gennip (FP/SZW) • Hugo de Jonge (BZK/VRO) • Hanke Bruins-Slot (BZ/âld-BZK) • Kajsa Ollongren (Def) • Micky Adriaansens (EZK) • Steven van Weyenberg (Fin/âld-ss OCW) • Mark Harbers (IW) • Dilan Yeşilgöz (JV) • Piet Adema (LNV) • Robbert Dijkgraaf (OCW) • Conny Helder (VWS/âld-LZS)
Ministers sûnder portefúlje Rob Jetten (FP/KE) • Carola Schouten (FP/APP) • Liesje Schreinemacher (BHO) • Pia Dijkstra (MZ) • Christianne van der Wal (NS) • Mariëlle Paul (PVO) • Franc Weerwind (RB)
Steatssekretarissen Alexandra van Huffelen (BZK) • Christophe van der Maat (Def) • Hans Vijlbrief (EZK) • Marnix van Rij (Fin) • Aukje de Vries (Fin) • Vivianne Heijnen (IW) • Eric van der Burg (JV) • Fleur Gräper (OCW) • Maarten van Ooijen (VWS)
Opstapt as minister Henk Staghouwer (LNV) • Dennis Wiersma (PVO) • Wopke Hoekstra (FP/BZ) • Geoffrey van Leeuwen (waarnimmend BHOSigrid Kaag (FP/Fin) • Ernst Kuipers (VWS)
Opstapt as steatssekretaris Gunay Uslu (OCW) wizigje