Springe nei ynhâld

David Lynch

Ut Wikipedy
David Lynch yn Cannes, 2017

David Keith Lynch (Missoula (Montana), 20 jannewaris 1946) is in Amerikaansk filmregisseur en keunstskilder.

Hy wurdt sjoen as it boechbyld fan de Amerikaanske surrealistyske sinema. Lynch stiet benammen bekend om syn thrillers dêr 't er seks, gewelddiedichheid en swarte humor yn kombinearret mei stilistyske skjintme en it besykjen ta technyske perfeksje. Yn hast al syn films ferfoarmet er deistige eleminten út de Amerikaanske kultuer ta frjemde surrealistyske objekten.

Neist it regissearjen fan films hâldt Lynch him dwaande mei ferskate njonkenaktiviteiten. Hy is keunstskilder, striptekener, meubelûntwerper, heechlearaar op de University of Fine Arts, en ambassadeur fan transedinte meditaasje. Dêrneist komponearret er ek elektroanyske muzyk (hy naam twa singles op: Good Day Today en I know).

Filmografy as regisseur (spylfilms)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]