Springe nei ynhâld

Geastedûns

Ut Wikipedy
De geastedûns útfierd troch de Oglala-Lakota fan it Pine Ridge Yndianereservaat, yn 1890.

De geastedûns (Ingelsk: ghost dance; Keddo: nanissáanah) wie yn 1889 en 1890 in synkretistyske religieuze beweging ûnder de lânseigen Yndiaanske befolking fan 'e westlike Feriene Steaten. Dit nije leauwe waard ferspraat troch de Pajût-profeet Wovoka, en wreide him mei gauwens út nei oare Yndiaanske folken. It Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging en ûnderdrukte it yn 'e saneamde Geastedûnsoarloch fan desimber 1890 en jannewaris 1891.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene de Yndianen fan 'e westlike Feriene Steaten harren lân kwytrekke oan 'e Amerikanen en wiene se yn reservaten opburgen sadat se de blanke kolonisten net foar de fuotten rinne soene. Guon folken, lykas de Lakota, hiene har dêr út alle macht tsjin ferset, wylst oaren, lykas de Pajût (Paiute) mar amperoan ferset bean hiene. De útkomst wie yn beide gefallen frijwol itselde. Behalven har lân wiene se ek in protte famyljeleden en freonen kwytrekke, itsij yn 'e striid, itsij troch de sykten dy't de blanken meibrochten en dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. By de Flakte-Yndianen, lykas de Lakota, wie de kultuer fierhinne ferrinnewearre trochdat de blanken harren wichtichste itensboarne, de Amerikaanske bizon, sa goed as útrûge hiene. By oare folken wie de tradisjonele kultuer yn ûnstjoer brocht trochdat blanke sindelingen besochten har ta it kristendom te bekearen. Boppedat wie it libben yn 'e reservaten faak ellindich, en it iten, dat levere waard troch de Amerikaanske autoriteiten, faak te min of fan minne kwaliteit. Troch oanhâldend de hân op te hâlden en op kosten fan har fijân te libjen, rekken de Yndianen ek har weardichheid noch kwyt.

Wovoka, de Pajût-profeet.

Tsjin dy eftergrûn moat de opkomst fan 'e geastedûns sjoen wurde, dy't yn 1889 troch de profeet Wovoka yntrodusearre waard mank de Pajût fan Nevada. De basis foar de dûns wie in sirkeldûns, in tradisjoneel ritueel dat troch withoefolle Yndiaanske folken praktisearre waard (en noch wurdt), en dat tebekgiet oant djip yn 'e prehistoarje. Wovoka preke lykwols in synkretistysk leauwe, wêryn't it troch de misjonarissen brochte kristendom fermongen waard mei de lânseigen leauwensoertsjûgings fan 'e Yndianen. De weropstanning út 'e dea, in idee út it kristendom, spile dêrby in wichtige rol. As de geastedûns goed útfierd waard, as de Yndianen gjin alkohol mear dronken, harsels ritueel wosken en mar fûlernôch leauden, dan soene se neffens Wovoka de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje kinne; se soene werberne wurde yn in wrâld sûnder blanken, mar mei al har ferstoarne freonen en famyljeleden.

Sokke tinkbylden oefenen in grutte oantrekkingskrêft út op lju dy't alles ferlern hiene, en de geastedûns fersprate him dan ek al hiel gau fan Nevada nei Kalifornje en Oklahoma. Eltse nije stamme dy't it ritueel oernaam, foege der syn eigen kulturele tinkbylden oan ta, mei sawol feroarings yn it ritueel as yn 'e maatskippij fan 'e oangeande stamme ta gefolch. Op in stuit gie de fersprieding fan 'e geastedûns net mear út himsels, mar reizgen Yndianen spesjaal nei Nevada ôf om it boadskip fan Wovoka út 'e earste hân te hearren, mei as spesifyk doel dat boadskip mei werom te nimmen nei harren folk. Dat wie bygelyks it gefal mei Skoppende Bear, dy't neitiid de Lakota fan Súd-Dakota mei it nije ritueel yn 'e kunde brocht. Inkeld de Navaho fan it Amerikaanske Súdwesten wiisden de geastedûns wisberet ôf; antropologen binne fan betinken dat dat te krijen hie mei de grutte eangstme foar geasten dy't in krúsjaal ûnderdiel foarmet fan 'e tradisjonele religieuze oertsjûgings fan 'e Navaho.

Hoewol't de geastedûns in folslein pasifistyske beweging wie, dy't feitliks net mear as it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer omfieme om mei himsels yn it reine te kommen, seach it Amerikaanske regear it as in opstannige organisaasje dy't daliks de kop yndrukt wurde moast. Dêrta waard yn desimber 1890 yn Súd-Dakota úteinset mei de saneamde Geastedûnsoarloch, in konflikt dat eins te beheind en te iensidich wie om in oarloch hjitte te kinnen. Earst waard op 15 desimber besocht en arrestearje it ynfloedrike opperhaad Sittende Bolle, dy't beskôge waard as in ûnrêststokelder. De arrestaasje rûn lykwols mis en Sittende Bolle fûn mei fyftjin oaren de dea. Neitiid slachte it Amerikaanske Leger op 29 desimber by it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene Lakota-geastedûnsers ôf, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. Mank de Lakota wie dat barren de ein fan 'e geastedûnsbeweging, en ek ûnder de oare stammen stoar it ritueel koarte tiid letter út. De geastedûns wurdt tsjintwurdich lykwols noch altyd praktisearre troch de Keddo fan Oklahoma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.