Springe nei ynhâld

Randall Wallace

Ut Wikipedy
Randall Wallace
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Randall Wallace
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 july 1949
berteplak Jackson (Tennessee)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
wurksum as regisseur, senarioskriuwer,
filmprodusint, romanskriuwer,
lietsjeskriuwer
bekenste
  produksje(s)
Braveheart
The Man in the Iron Mask
Pearl Harbor
Secretariat
jierren aktyf 1986 – no
prizen Writers Guild of America Award 1995
offisjele webside
wallaceentertainment.com

Randall Wallace (Jackson (Tennessee), 28 july 1949) is in Amerikaansk skriuwer (fan senario's, lieten, romans en koarte ferhalen), regisseur en filmprodusint fan etnysk Skotsk komôf. Hy waard bekend doe't er yn 1995 it senario fan 'e súksesfolle Hollywood-film Braveheart skreau, wêrmei't er in nominaasje foar in Oscar binnensleepte. Letter debutearre er as regisseur mei de kaskreaker The Man in the Iron Mask. Ek wied er belutsen by de produksje fan films as Pearl Harbor, We Were Soldiers, Hacksaw Ridge en Secretariat.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Randall Wallace waard yn 1949 berne yn Jackson, yn 'e Amerikaanske steat Tennessee, mar groeide op yn Memphis en Henderson County yn dyselde steat, foar't er mei syn âlden nei Firginia ferfear. Dêr folge er de middelbere skoalle oan 'e E.C. Glass High School yn Lynchburg, wêrnei't er fierder learde oan 'e Duke Universiteit te Durham yn Noard-Karolina. Hy studearre ôf yn Russyske taal- en letterkunde, teology en Ingelske literatuer. Wallace, dy't in swarte bân yn karate hat, ûnderhold himsels as fjochtsporttrainer wylst er neitiid in jier oan in seminaarje trochlearde.

As folwoeksene wie Wallace ferskate jierren manager fan in bisteshow yn it ferdivedaasjepark Opryland, yn Nashville (Tennessee). Mids jierren tachtich ferhuze er nei Hollywood om in karriêre as sjonger en lietsjeskriuwer nei te stribjen. Hy begûn romans, koarte ferhalen en senario's foar films te skriuwen. As protezjee fan 'e foaroansteande tillefyzjeprodusint Stephen J. Cannell bestege er oan 'e ein fan jierren tachtich en it begjin fan 'e jierren njoggentich ferskate jierren oan it skriuwen fan skripts foar tillefyzjesearjes.

Mids 1990-er jierren briek Wallace troch as skriuwer fan it senario fan 'e Hollywood-kaskreaker Braveheart, dy't it libbensferhaal fertelt fan 'e Midsiuwske Skotske frijheidsstrider William Wallace. Nei't it skynt waard Randall Wallace ta it skriuwen fan dit senario ynspirearre doe't er Skotlân besocht op 'e siik nei syn foarâlderlik erfskip. (Hy is ynsafier bekend net besibbe oan William Wallace oars as dat beiden leden fan deselde clan wiene/binne, te witten: de Clan Wallace.) Syn senario wekke de belangstelling fan akteur en regisseur Mel Gibson, dy't sawol de haadrol, de rezjy as (mei oaren) de produksje fan 'e film op him naam. Braveheart waard ien fan 'e súksesfolste films út 'e jierren njoggentich, en wûn ferskate Oscars, û.m. foar bêste film en bêste regisseur. Wallace sels waard nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste senario, en teffens foar in Golden Globe yn deselde kategory. Hy wûn in Writers Guild of America Award foar bêste senario.

Yn 1998 makke Wallace syn debút as regisseur mei de film The Man in the Iron Mask, nei in senario fan eigen hân. Dat wie basearre op Le Vicomte de Bragelonne, ou Dix Ans Plus Tard ("De Boarchgreve fan Bragelonne, of Tsien Jier Letter") it trêde diel út 'e tetralogy oer de trije musketiers, fan 'e Frânske skriuwer Alexandre Dumas, út 1848. De film hie in stjerrecast dy't û.o. bestie út Leonardo DiCaprio, John Malkovich, Gabriel Byrne, Jeremy Irons en Gérard Depardieu, en wie in grut kommersjeel súkses. Yn 1999 rjochte Wallace fierders syn eigen filmstudio op, ûnder de namme Wheelhouse Entertainment, dy't him taleit op it meitsjen fan wrâldwiid fermaak dat de klassike wearden leafde, moed en eare útdraacht.

Koarte tiid letter skreau Wallace it senario foar Pearl Harbor, oer de Japanske oanfal op Pearl Harbor, yn 'e Twadde Wrâldoarloch, dat yn 2001 ferfilme waard troch regisseur Michael Bay, mei Ben Affleck en Kate Beckinsale yn 'e haadrollen. Hoewol't dat ûntsjinsislik in spektakulêre film wie, moast er it benammen hawwe fan 'e special effects; op it senario fan Wallace wie in protte krityk, en hy waard dermei nominearre foar in Golden Raspberry Award yn 'e kategory minste senario.

Yn 2002 regisearre Wallace syn twadde film, it rouwe We Were Soldiers, op 'e nij nei in senario fan himsels. Dêrby gie it ferhaal oer de Slach om Ia Drang, in inkele fjildslach út 'e Fjetnamoarloch. Wallace gie dêrfoar yn training mei beropssoldaten fan 'e Ranger School fan it Amerikaanske Leger om 'e motivaasje fan syn personaazjes better te begripen. Foar de ferfilming wurke er fannijs gear mei Mel Gibson, dy't de haadrol fan luitenant-kolonel Hall Moore spile.

De trêde film dy't Wallace regissearre wie Secretariat, foar Disney yn 2010, foar it earst nei in senario dat er sels net skreaun hie. Yn dy film wurdt it wierbarde ferhaal ferteld fan in racehynder dat yn 1973 de saneamde Trijefâldige Kroan binnenhelle (troch de trije wichtichste Amerikaanske hynstekoersen yn ien jier te winnen). Dêrby wurdt benammen omtinken skonken oan it krewearjen en de moed fan 'e eigneresse fan it hynder, Penny Chenery-Tweedy, dy't spile waard troch aktrise Diane Lane. Wallace skreau sels it ôftitelingsnûmer It's Who You Are, dat as ûnderdiel fan 'e soundtrack fan Secretariat útbrocht waard.

Wallace syn fyfde film as regisseur wie Heaven Is for Real, út 2014, wêrfan't er ek it senario skreaun hie, oer in jonge dy't nei eigen sizzen yn 'e himel west hat. Yn 2016 wurke Wallace as 'skriptdokter' (sûnder fermelding op 'e ôftiteling) mei oan 'e film oarlochsfilm Hacksaw Ridge, dy't regissearre waard troch syn freon Mel Gibson. Datselde jiers makke Wallace bekend dat hy en Gibson úteinset wiene mei de tarieding foar The Passion of the Christ: Resurrection (2025) oer de weropstanning fan Jezus, in ferfolch op Gibson syn súksesfolle (sij it kontroversjele) eardere film The Passion of the Christ (2004) oer de krusiging fan Jezus. Teffens hawwe Wallace en Mel Gibson, nei't it skynt, plannen foar in film oer de Wytsingen.

Oare beuzichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Los fan syn karriêre yn 'e filmyndustry is Wallace ek de auteur fan sân orizjinele romans, wêrûnder ferskaten dy't yn 'e prestizjeuze bestsellerlist fan The New York Times stien hawwe. Teffens hat er guon ferboekings skreaun fan syn eigen senario's (lykas de roman Braveheart, út 1995). Fierders hat er frijwat lieten skreaun, oer it algemien fan it popsjenre, mar û.o. ek de hymne Mansions of the Lord, dy't yn 2004 diel útmakke fan 'e routsjinst foar de Amerikaanske presidint Ronald Reagan. Yn 2008 skreau Wallace ferskate lieten mei sjonger en lietsjeskriuwer Richard Marx, wêrfan't ien, Flame in Your Fire, letter útbrocht waard op Marx syn album Emotional Remains. Wallace hat sporadysk ek as akteur yn 't spier west; sa spile er yn 2002 in Teksaanske oalje-arbeider yn 'e film The Rookie, en hied er in cameo as himsels yn it sânde seizoen fan 'e komeedzjesearje Entourage.

Wallace is troud en hat twa soannen. Yn fraachpetearen hat er oanjûn in djippe tawijing oan it kristlik leauwe te hawwen, dat nei eigen sizzen in grutte ynfloed op syn meitsjen fan films útoefenet. Wallace is ek aktyf foar de goeddiedichheidsorganisaasje Habitat for Humanity, dy't him ynset foar it bouwen fan huzen foar dakleazen yn ûntwikkelingslannen.

  • 1973 – Tran Chau Cang
  • 1980 – The Russian Rose
  • 1983 – So Late into the Night
  • 1990 – Blood of the Lamb
  • 1992 – Where Angels Watch
  • 1995 – Braveheart (ferboeking fan 'e film mei deselde namme)
  • 1999 – The Man in the Iron Mask (ferboeking fan 'e film mei deselde namme)
  • 2001 – Pearl Harbor (ferboeking fan 'e film mei deselde namme)
  • 2002 – We Were Soldiers (ferboeking fan 'e film mei deselde namme)
  • 2004 – Love and Honor (yn it Nederlânsk oerset as In de Gunst van de Tsarina)
  • 2011 – The Touch (yn it Nederlânsk oerset as De Gave)
  • 2015 – Living the Braveheart Life: Finding the Courage to Follow Your Heart (non-fiksje)
Filmografy as filmmakker en akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1986 Hunter n.f.t. senarioskriuwer, ôfl. Fagin
1986 Starman n.f.t. senarioskriuwer, ôfl. Secrets
1987 Stingray n.f.t. senarioskriuwer, ôfl. Anywhere, Anytime
1987–1988 J.J. Starbuck n.f.t. senarioskriuwer en tillefyzjeprodusint, 3 ôfl.
1988 Sonny Spoon n.f.t. senarioskriuwer en útfierend produsint, hiele searje
1989 Unsub n.f.t. senarioskriuwer, 2 ôfl.
1990–1991 Broken Badges n.f.t. senarioskriuwer en útfierend produsint, hiele searje
1996 Dark Angel n.f.t. tillefyzjefilm, betinker fan it ferhaal
2010 Entourage himsels gastrol, ôfl. Bottoms Up
2015 Point of Honor n.f.t. tillefyzjefilm, regisseur, senarioskriuwer en útfierend produsint
films
1995 Braveheart n.f.t. senarioskriuwer
Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario
nom. Oscar foar bêste orizjinele senario
nom. Golden Globe foar bêste senario
1998 The Man in the Iron Mask n.f.t. regisseur, senarioskriuwer, filmprodusint
2001 Pearl Harbor n.f.t. senarioskriuwer en útfierend produsint
2002 The Rookie oalje-arbeider  
2002 We Were Soldiers n.f.t. regisseur, senarioskriuwer en filmprodusint
2010 Secretariat n.f.t. regisseur
2014 Heaven Is for Real n.f.t. regisseur en senarioskriuwer
2016 Hacksaw Ridge n.f.t. skripdokter sûnder fermelding yn 'e ôftiteling
2022 The Swiss Guard n.f.t. senarioskriuwer
2025 The Passion of the Christ: Resurrection   n.f.t. senarioskriuwer

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.