Springe nei ynhâld

Saapke fan Vervou

Ut Wikipedy
Saapke fan Vervou yn 1632. Mei in fearren waaier yn har rjochterhân, wanten yn de lofterhân dy’t op in tafel steunt. Linksboppe it famyljewapen. In rekonstruearre kostúm op it skilderij waard yn 2020 neimakke en waard ûnderdiel fan de ‘Aaitoer’ troch museum Martena. De Aaitoer wûn destiids de RAAK Stimulearringspriis 2020. It skilderij fan 174 by 102,5 sm is skildere troch L.J. Woutersin om 1630 hinne. It portret is yn brûklien fan it Ryksmuseum Amsterdam.

Saapke Hessels fan Vervou (Frjentsjer, 1612/1613 - dêre, 28 jannewaris 1671), ek Saepck fan Vervou en Sophia Hessels fan Vervou, wie in ealfrou út de santjinde iuw. Se wie besibbe oan it laach Egmond, ien fan de âldste en oansjenlikste lagen yn de Nederlannen. Saapke har oerpake wie Hessel fan Martena, de stifter fan it Martenahûs yn Frjentsjer. Saapke wenne yn it Martenahûs, it hjoeddeiske Museum Martena. Har beide houliken bleaune sûnder bern.
Saapke wie in dochter fan teolooch Hessel Raes fan Vervou (Genêve, 7 maaie 1588 - 21 oktober 1619), grytman fan Frjentsjerteradiel en Sjoukje fan Ockinga (Ljouwert, 14 novimber 1583 – dêre 15 april 1609).

Saapke brocht har jeugd troch op it Martenahûs by har beppe Jel fan Easthim, dy’t yn it ferline in diel fan it Martenahûs beskikber steld hie oan de âlden fan de bekende Anna Maria fan Schurman. Yn it Ryksargyf sit in brief út 1627, skreaun troch Anna Maria fan Schurman (de ienige dy’t bewarre bleaun is), rjochte oan Jel fan Easthim, dêr’t ek Saapke yn neamd wurdt. Mei de Frjenstjerter Hegeskoalle is Saapke har libben lang ferbûn bleaun. Al hat se dêr amper de lessen fan ferskate professors folge, alhoewol’t se neffens de regels fan dy dagen net as studinte ynskreaun wurde koe.

Saapke om 1632 hinne. Saapke draacht in blauwe glânzjende rok, mei sulver- en goudgalon bestikke. It blau komt werom yn Wytze syn hoazen. Har pofkjende mouwen binne swier fan it goud en har boarststik is tige mei goud borduere. Hja is behinge mei jewielen en gouden keatlingen en har kraach is ek neffens de lêste moade.
(Wybrand de Geest)
Wytze fan Cammingha sa. 1634. Wytze syn kraach docht net ûnder foar dy fan Saapke mei de trije rychjes. Syn broek is ûnderoan bestikke mei oerdiedich sulverkant. De degen op de tafel is yn in borduere skie stutsen en ûnderstreket syn aadlike komôf. Op syn skuon sitte mânske rozetten.
(Wybrand de Geest)

Saapke is achttjin jier at se troch de skilder portrettearre wurdt, yn alle foarnaamheid, in foarstinne gelyk. Fier is har hâlding, prachtich de klean, kostber de sieraden dêr’t se mei toaid is.[1] It moaie byld op de trouskildering wurdt lykwols tekene troch rou en drôvens. Rou oer har jong ferstoarne heit, langstme nei har mem, dy’t op ’en nij troud is mei jonker Pieter fan Cammingha, de frijhear fan It Amelân en al in tal jierren op Jelmerastate yn Ballum op it min te berikken Amelân.

Yn maart 1638 stoar Saapke har styfheit Piter fan Cammingha sûnder bern op de Jelmerastate yn Ballum. Syn broer Wytze fan Cammingha, dy’t net troud wie, folge him op as Frijhear fan Amelân.
Yn datselde jier 1638 boaske Saapke mei de mear as tweintich jier âldere Wytze fan Cammingha. Wytze kaam fan It Amelân, in yn dy tiid hast ûnôfhinklik minysteatsje yn besit fan de Cammingha’s. Sophia wie protestant, Wytze wie roomsk. Saapke wie njoggentjin jier doe’t hja troude, Wytze wie doe fjirtich. Saapke har mem wie al troud mei Wytze sy broer Piter, har twadde houlik. Dus mem en dochter waarden no ek skoansusters. It liket in wat frjemde kombinaasje, Saapke en Wytze, mar it houlik wie bedoeld om macht en besit yn de famylje te hâlden. [2]

It houlik sil, krektas dat fan har mem Sjouck, mei grutte pracht op de Jelmerastate yn Ballum fierd wêze. Mar it biedwurd: Nemo sine cruce ('net ien sûnder krús'), dy’t men oant 1829, doe’t it slot ôfbrutsen waard, op de slotpoarte lêze koe, waard troch de lêste telgen fan it Cammingha laach in hurde realiteit. De manlike neisieten stoaren allegear yn de krêft fan harren libben, ek frijhear Wytze. Yn 1637 liet it pear op it Martenahûs, troch abbekaat Jacob fan Ghemmenich in testamint fan wjerskanten opmeitsje. It houlik wie fan koarte doer. Yn maart 1640 lei yn it slot te Ballum in deasike Wytze fan Cammingha. En doe’t jonker Wytze ta de konklúsje kaam, dat hy net lang mear te libjen hie en krektas syn bruorren sûnder bern stjerre soe, stelde hy in die dy’t de oarsaak wurde soe fan in soad kwestjes. Hy liet de Amelanner dûmny Petrus Amoldus by him komme en joech him opdracht om it testamint fan 1837 fan it Martenahûs yn Frjentsjer op te heljen. Nei it ferstjerren fan Wytze op 24 jannewaris 1641, makke Saapke oanspraak op it regear fan It Amelân en dêrmei op de titel frij- en erfhear fan It Amelân. Mar dêrtroch rekke se yn konflikt mei Watse fan Cammingha dy ’t har kleem úteinlik foar 30.000 gûne ôfkocht.

Troch prof. mr. J.W. Crane waard ûnder tafersjoch fan de stjerrende jonker, op 14 novimber 1640 op it slot yn Ballum opnij en testamint fan wjerskanten opmakke. Yn dit testamint stie ûnder oare de bepaling, dat at syn frou opnij trouwe mocht en at út dat houlik in soan berne wurde soe, dat se dy nei him Wytze fan Cammingha neame soe, dan stelde hy dy soan oan as erfgenamt, foar ivich en erflik. It falt te begripen, dat de oare leden fan de famylje Cammingha net bepaald entûsjast wiene oer it testamint dat harren sûnder mear ûnterve. Temear omdat de widdo yn kwestje in kreaze jonge frou wie fan noch mar 27 jier. Dizze stunt fan Hear Wytze waard dan ek oanlieding ta in paleisrevolúsje by de Cammingha's. In sweager fan Saepck, de Pommerenske eelman, de kapitein-majoar Von Zhun, dy’t mei in suster fan de ferstoarne frijhear troud wie, wie opsternaat oer it testamint fan hear Wytze. It slagge him sels om in begjin fan in lytse oarloch op It Amelân te begjinnen, dy’t lykwols troch de fierdergeande demokratisearring fan de eilanner befolking en in stille wink fan de Dútske keizer gau delbêde waard. Saepck ferhuze doe wer nei de wâl en sette har wer ta wenjen op it Martenahûs, dêr’t hja yn pronk en preal as in foarstinne libbe.

Joachim fan Andreae

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saapke hie blykber in swak foar âldere manlju, want yn 1643 troude se foar de twadde kear. No mei de doe 56-jierrige ridder Joachim Andreae, in yn Stralsund (Pommeren) berne ealman. Joachim Martijns fan Andreae (1587-11 maaie 1655) wie ridder en heechlearaar yn Frjentsjer. [3] Fan Andreae wie widner fan Ansck Poppes fan Burmania.
Joachim Andreae wie in man fan grutte bekwaamheden, dy’t – neidat hy yn 1607 as studint oan de Hegeskoalle fan Frjentsjer ynskreaun waard - mei goed gefolch syn stúdzjes dêr beëinige. Yn 1613 wie hy oan de neamde Hegeskoalle oansteld as professer yn de natoer- en sedekunde, in benaming dy’t twa jier letter útwreide waard mei in professoraat yn de rjochten. Neidat hy yn 1620 as riedshear oan it Hof fan Fryslân beneamd waard, troude hy mei de rike erfdochter Ansk fan Burmania. Ut dit houlik waarden trije bern berne, dy ’t al folwoeksen wiene doe’t Andreae, nei it ferstjerren fan Ansk, wertroude mei Saapke fan Vervou. Yn de tiid fan syn twadde houlik wenne hy mei Saepck op it Martenahûs yn Frjentsjer, dêr’t er al rillegau ta kurator fan de Hegeskoalle beneamd waard. Boppedat beklaaide Andreae hege steatsamten, út namme wêrfan't er ûnder oare 18 april 1648, as foarsitter fan de Fryske Steaten-Generaal, de ratifikaasje fan de Frede fan Münster tekene. Mar ek Joachim Andreae waard net âld, yn 1655 stoar hy op it Martenahûs en waard yn Ljouwert yn it grêf fan syn earste frou bysetten. Noch in sechtjin jierren hat Saapke, neffens de oerlevering libjend yn grutte wielde, him as widdo oerlibbe.

Saapke fan Vervou sa. 1654. Klaaid yn in swarte jûpe mei in grutte wite kraach en mansjetten, is se te sjen yn Museum Martena. It famyljewapen pronket linksboppe op it skilderij. It portret fan Saapke is tige bysûnder, omdat dit it ienich bekende santjinde-iuwske skilderij yn Nederlân is dat noch nea út de list west hat. Dêrtroch is de orizjinele opspanmetoade fan it doek noch hielendal geef.

Doe’t op 27 desimber 1664, of sa't op de Mauritsstien yn Frjentsjer ôfbeitele stiet, op 6 jannewaris 1665, foarst Johan Maurits fan Nassau-Siegen it ûnk hie om troch de Dykstrjittebrêge te sakjen, hat Saepck dizze foarst in skoft op Martenahûs ferplege.[4] Hja wie der tsjûge fan hoe’t Johan Maurits by har op it Martenahûs troch de Frjentsjerter notaris Pieter Rudolphi syn testamint opmeitsje liet. Dit testamint waard dêrnei by de rektor en senaat fan de Hegeskoalle yn bewar jûn, dêr’t it oant septimber 1670 bewarre bleaun is. Omdat de wittenskip har tige ynteressearre, ûnderhold Saepck freonskiplike kontakten met de professors fan de Hegeskoalle.

Op sneon 28 jannewaris 1671 stoar Saapke op it Martenahûs, noch mar krekt 58 jier âld. Wytze en Saapke binne bysetten yn de grêfkelder fan in earder tsjerkje by it Slot fan Ballum. It grêf, ôfdekt mei in 3000 kilo swiere grêfstien, leit yn it bierhúske op it begraafplak fan Ballum.[5] Yn it testamint dat Saapke trije wiken foar har hinnetsjen opmeitsje liet, stiene in tal riedseleftige bepalings foar har erfgenamten. Nei alle gedachten hat se op it lêst noch krampeftich besocht om it frijhearskip fan it Amelân yn har famylje te hâlden. Dêrom dit yngewikkelde testamint. Mar it testamint fan har pake Frederik fan Vervou hie ek al in yngewikkeld stik west. Fan har erfgenamten, dy’t neffens de bepalings fan it testamint binnen 24 oere in beslissing nimme moasten, naam nimmen de erfenis oan. Yn publike akten, oangeande it Martenahûs, waarden se tenei neamd ûnder de sammelnamme: 'de erven fan mefrou Andreae'. Ut de publisearre listen fan har ûnreplik guod striele noch de gloarje fan lagen as de Martena's, Egmonden, Vervou en de Camminga's. By it boelguod hearde bygelyks in himelbêd mei griensiden behingsels, acht brokade stuollen, mei gouden blommen bestikke (brokaat is siden stof, dêr 't de patroanen fan ynweve binne mei metalen triedden), mar ek diamanten braceletten (earmbannen) en twa diti pendants (hingsieraden).

Krektas op it Amelân, dêr’t yn 1680 de lêste fan de Cammingha’s sûnder bern stoar, waard de erfenis fan de Cammingha’s foar de erven fan Rixt fan Donia, douariêre fan Watse fan Cammingha in slepende kwestje. Yn 1704 kocht prinses Henriëtte Amalia, de widdo fan de Fryske steedhâlder Hendrik Casimir II, foar har soan Johan Willem Friso, de hearlikheid Ameland foar 1.170.000,- dêrneist 1 10.000,- keapkosten. Alle rjochten en titels giene op de keaper oer, ek de ienris troch Saapke fan Vervou droegen titel fan frijfrou fan It Amelân. Sûnttiids is dy titel ferbûn bleaun oan it Hûs fan Oranje. Dêrom krige de Nederlânske kening ek de titel Erf- en Frijhear fan it Amelân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Wie het breed heeft, thuis bij Sofia en Wytze, website Amelanner histoarje
  2. Wie het breed heeft – thuis bij Sofia en Wytze
  3. Joachim Andreae Biographisch woordenboek der Nederlanden. Diel 1 (1852), A.J. van der Aa
  4. Johan Maurits van Nassau en zijn ongeluk in Franeker, www.academiefraneker.nl
  5. Timide meisje trouwt rijke heer, www.collectieameland.nl