Springe nei ynhâld

Slobeinen

Ut Wikipedy
Slobeinen
Pearke slobeinen.
Pearke slobeinen.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift: echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje: goesfûgels (Anatoidea)
famylje: einfûgels (Anatidae)
skaai slobeinen (Spatula)
Boi, 1822

Slobeinen of slobben (Spatula), ek wol de tsjillings neamd, foarmje in fûgelskaai út 'e famylje einfûgels (Anatidae).

Eartiids wiene de slobeinen by it skaai fan 'e einen yndield. Neffens in yn 2009 publisearre stúdzje koe troch ferlikening fan it DNA fêststeld wurde dat it doetiidske skaai Anas net monofyletysk wie. It skaai Anas waard op basis fan sibskip doe yn fjouwer monofyletyske skaaien opdield. Tsien waarden yn it skaai Spatula yndield. Oarspronkelik wie dat skaai yn 1822 troch de Dútske zoölooch Friedrich Boie útsteld. De typesoarte is de slob.

Der wurde tsien soarten yn it skaai teld:

Ofbyld wissenskiplike namme namme fersprieding
S. querquedula Skiertsjilling Europa en westlik Aazje.
S. hottentota Hottentottsjilling Eastlik en súdlik Afrika fan Sûdan en Etioopje oant Súd-Afrika en Namybje, fierder in westlike populaasje yn Niger en Nigearia.]
S. puna Pûnatsjilling Perûaanske Andes, west Bolivia, noardlik Sily, it uterste noardwest fan Argentynje.
S. versicolor sulvertsjilling Súdlik Bolivia, súdlik Brazylje, Paraguay, Argentynje, Sily, Oerûguay, Súd-Georgje, Súdlike Sandwicheilannen, Falklâneilannen
S. platalea reade slob Fan Fjoerlân oant Sily en it grutste diel fan Argentynje, de Falklâneilannen en isolearre populaasjes yn it suden fan Perû.
S. cyanoptera kanieltsjilling Súd-Amearika, west fan 'e Feriene Steaten en it súdwest fan Kanada, seldsum oan 'e eastlike kust fan 'e Feriene Steaten.
S. discors blauwjuktsjilling Noard-Amearika, briedt fan súdlik Alaska oant Nova Scotia en súdlik oant it noarden fan Teksas.
S. smithii Kaapske slob Súd-Afrika, ûnregelmjittich noardliker yn Namybje, Botswana, Simbabwe, it suden fan Angoala, Lesoto, Mozambyk en Sambia.
S. rhynchotis Australyske slob Austraalje, Tasmaanje en Nij-Seelân.
S. clypeata slob It noarden fan Euraazje en grutte dielen fan Noard-Amerika.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Spatula fan Wikimedia Commons.