Springe nei ynhâld

Syprus Museum

Ut Wikipedy
Syprus Museum
  museum
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Nikosia
adres Mouseiou 1
koördinaten 35° 10' N 33° 21' E
Algemiene gegevens
oprjochting 1882
Offisjele webside
Webside
Kaart
Syprus Museum (Nikosia-Sintrum)
Syprus Museum

It Syprus Museum (Gryksk: Κυπριακό Μουσείο, Turksk: Kıbrıs müzesi) is it âldste en grutste fan 'e likernôch fyftjin argeologyske musea op it eilân Syprus. It museum stiet yn 'e haadstêd Nikosia oan 'e westlike kant fan 'e binnenstêd by de Pafospoarte.

Idoal fan Pomos.

De stifting fan it museum wie yn 1882 en hie as de doel de keunstskatten fan Syprus foar it lân te behâlden. In komitee ûnder lieding fan geastliken ûnderstipe de stifting, om't Syprus yn dy tiid argeologysk plondere waard. Allinne de Amerikaanske ambassadeur Luigi Palma di Cesnola hie al 35.000 objekten nei it Metropolitan Museum of Art yn New York stjoerd, wylst syn broer Alessandro Palma di Cesnola foar keunstrôf foar it rjocht stean moast. In part fan 'e yn beslach nommen kolleksje kaam yn 'e samling fan it nije museum telâne.

Ynearsten wie it museum yn in bestjoersgebou ûnderbrocht, mar yn 1889 krige it nijbou yn 'e Victoriastrjitte. Mei in wetlike bepaling ta beskerming fan argeologyske erfgoed út 1905 koe it museum de objekten en de fynstplakken better beskermje. It wittenskiplike ûndersyk en de dokumintaasje folge nei de Earste Wrâldkriich mei help fan bûtenlânske saakkundigen, lykas û.o. de Sweedske argeolooch Einar Gjerstad. Yn 1908 folge in ferhûzing nei it hjoeddeiske gebou oan'e Leoforus Mouseioustrjitte en yn 1961 folge in útwreiding troch in ferbouwing.

De objekten tsjûgje fan in alvetûzen jier lange kultuerskiednis fan it eilân Syprus en wurde yn gronologyske folchoarder yn fjirtjin ferskillende sealen útstald. It aksint leit op 'e samlingen út de brûnstiid en de Grykske en Romeinske âldheid. Ien fan 'e meast bekende objekten is it idoal fan Pomos, dy't op 'e Syprioatyske 2-euromunt stiet. It eilân wie troch de geunstige lokaasje yn it easten fan 'e Middellânske See in belangryk hannelssintrum, mar ek in doel fan oanbuorjende folken en riken om te oermasterjen. It grutte tal fynsten op it eilân tsjûgje dêrfandinne fan in soad kulturele ynfloeden op 'e eilânbefolking.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige side; sjoch foar mear boarnen op de:Cyprus Museum