Springe nei ynhâld

Gisele Bündchen

Ut Wikipedy
Gisele Bündchen
model
Gisele Bundchen op de catwalk yn 2006
Gisele Bundchen op de catwalk yn 2006
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gisele Caroline Bündchen
nasjonaliteit Brazyljaansk
berne 20 july 1980
berteplak Três de Maio
etnisiteit Dútsk

Gisele Caroline Bündchen (Três de Maio, 20 july 1980) is in Brazyljaansk supermodel. Hja is ien fan de modellen mei it measte súkses en it heechste ynkommen fan de wrâld. Anno 2007 is se it gesicht fan mear as tweintich merken út ûnder oaren de Feriene Steaten, Ruslân, Brazylje, Itaalje, Frankryk, Meksiko, Spanje, Turkije, Súd-Korea, Dútslân en Switserlân. Yn 2006 fertsjinne sy 33 miljoen dollar, wylst har fermogen rûsd wurdt op 150 miljoen dollar. It Guinness Book of World Records 2007 neamd har as `meast rike supermodel fan de wrâld.

Bündchen hie fan 2000 oant 2005 ferkearing mei akteur Leonardo DiCaprio. Op 26 febrewaris 2009 troude hja mei Amerikaansk fuotbal-spiler Tom Brady. Tegearre krigen se in soan en dochter.

Dit artikel is in stobbe oer model.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: