Springe nei ynhâld

Heart-Shaped Box

Ut Wikipedy
Heart-Shaped Box
algemiene ynformaasje
B-kant Marigold
artyst Nirvana
album In Utero
taal Ingelsk
sjenre Grunge
útbrocht 30 augustus 1993
opnommen Pachyderm Studio's
febrewaris 1993
doer 4:39
label DGC
skriuwer Kurt Cobain
produsint Steve Albini
fideoclip
Nirvana - Heart-Shaped Box
(Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Top 40 - 32,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 36,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 31
sertifisearre Grut-Brittanje goud

Heart-Shaped Box is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn febrewaris 1993 en útbrocht op it tredde en lêste studio-album fan Nirvana In Utero út itselde jier. Heart-Shaped Box is it tredde nûmer op it album en waard op 30 augustus 1993 útbrocht as earste single fan it tredde album.

Heart-Shaped Box waard begjin 1992 skreaun troch Kurt Cobain, mar kaam pas yn febrewaris 1993 by de opnamen fan In Utero ree.

Oer de fideoklip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideoklip foar Heart-Shaped Box wie de iennige fideoklip makke foar In Utero, en de lêste fideo útbrocht troch de band. Nettsjinsteande dat er kontakt wie mei regiseur Kevin Kerslake, dy't ek al fjouwer oare fideoklips foar de band regissearre hie, en der ek al sênes taret wiene, waarden der gjin konkrete ôfspraken makke foar de opnamen, en ein augustus besleat Nirvana dan ek, om yn stee fan in fideoklip fan Kerslake, gear te wurkjen mei de Nederlânske fotograaf en regisseur Anton Corbijn.

De fideoklip foar Heart-Shaped Box waard filme op 31 augustus en 1 septimber yn de Raleigh Studios yn Los Angeles. Nirvana hie frege om de fideo yn Technicolor op te nimmen, mar op de ien of oare wize wie dat net mooglik; miskien wie it hiele systeem ferkocht oan Sina of sokssawat. "Yn stee dêrfan kamen Corbijn en syn produsint op it idee om de fideo yn kleur op te nimmen, dizze dêrnei om te setten yn swart-wyt en elk frame mei de hân ynkleurje te litten." It proses duorre wiken en late ta de wûnderlike kleuren fan 'e fideoklip.

Nei de release fan de fideo yn de hjerst fan 1993 klage regisseur Kevin Kerslake Nirvana oan fanwegen skeining fan it auteursrjocht. De saak waard bûten de rjochtbank besljochte.