Springe nei ynhâld

Trapeftigen

Ut Wikipedy
Trapeftigen
In grutte trap (Otis tarda)
In grutte trap (Otis tarda)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: trapfoarmigen (Otidimorphae)
skift trapeftigen (Otidiformes)
Wagler, 1830

De trapeftigen (wittenskiplike namme: Otidiformes) foarmje in skift klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae). Dit skift bestiet mar út ien inkelde famylje, nammentlik dy fan 'e trapfûgels (Otididae), dy't sels wer útinoar falt yn alve skaaien mei yn totaal 26 soarten. De trapeftigen binne nau besibbe oan 'e toerako-eftigen (Musophagiformes) en de koekoekeftigen (Cuculiformes).

Trapeftigen komme foar op 'e steppes en yn 'e healwoastinen fan Jeraazje, Afrika en Austraalje. It binne skouwe fûgels dy't op 'e grûn libje, hoewol't se goed fleane kinne. Se hawwe stevige, mar lange poaten, in lange hals en brede wjukken. Ornaris binne se brún of griis en hawwe se dûnkere streken en plakken oan 'e boppeside fan it lichem, wylst se oan 'e ûnderkant witich, gielich of swart binne. Trapeftigen binne omnivoaren, dy't lykwols yn 'e regel plantaardich fretten beplúzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.